Brânwacht rydt út foar ferskate brannen yn 'e provinsje

03 aug 2019 - 07:51

De Fryske brânwacht hat freedtejûn en -nacht ferskate kearen útride moatten fanwege brân. Op de krusing fan de Ds. Germswei met de Nije Hale yn Damwald baarnde in brommer út. De brânwacht fan Damwâld waard om 22.00 oere hinne alarmearre. It fjoer wie rap ûnder kontrôle en der rekke gjinien ferwûne. Hoe't it fehikel krekt yn 'e brân fleane koe, is net bekend.

Foto: De Vries Media

Yn de nacht fan freed op sneon wie der ek sprake fan brân yn Snits. Dêr stie in scooter yn fjoer en flam. Omstanners wiene bang dat it fjoer oerslaan soe nei it flatgebou yn 'e buert. Troch it rappe optreden fan de Snitser brânwacht wie de brân gau ûnder kontrôle.

Ek yn Sweins like der sprake te wêzen fan brân. It die lykwols bliken dat ien dwaande wie om in âlde skuorre op te baarnen. De plysje gie derop ôf en spruts de persoan oan. Der soe gjin gefaar foar de omjouwing west hawwe.

(advertinsje)
(advertinsje)