Tûzenen minsken yn Snits foar iepening Snitswike mei tradisjonele floatskou

Tûzenen minsken binne freedtejûn nei de binnenstêd fan Snits kaam foar de tradisjonele iepening fan de Snitswike. Sawol op it wetter fan de Snitser Mar as yn de binnenstêd is de hiele wike fan alles te dwaan. Op it wetter wurdt hurd striden om in earste plakje op it wetter, yn de stêd wurdt foaral in feestje fierd.
Tûzenen minsken yn Snits foar iepening Snitswike mei tradisjonele floatskou
De floatskou is in foarstelling fan alle klassen dy't mei dogge oan de Snitswike. "De klassen stelle har foar oan it publyk", fertelt Gerard Vellinga, foarsitter fan Sneek Promotion. "Kommissaris fan de Kening Arno Brok is de 'vlootvoogd'. Hy nimt de float ôf en men bringt in salút oan him", fertelt Vellinga. De boaten farre dan troch de grêften fan Snits rjochting de Sniter Mar. Ofslutend is der fjoerwurk en feest yn de stêd.
Foar de rest fan de wike binne der noch feesten op de pleinen yn de stêd. Yn it twadde diel fan de wike is der strjitteäter.
Foarsitter Gerard Vellinga fan Sneek Promotion
De organisaasje fan de silerij fan de 84e Snitswike mei 700 boaten is yn hannen fan foarsitter Karst Doevendans fan de Koninklijke Watersport Vereniging Sneek. "We hebben er wat nieuwe klassen bij zoals het G-zeilen, dat van 8 naar 16 deelnemers is gegaan", fertelt Doevendans.
In klasse giet troch as der mear as sân dielnimmers binne. De Snitswike moat neffens de foarsitter in evenemint wêze foar elkenien. "We zijn een evenement voor jong tot oud, maar ook voor topsport." Rekreative silers moatte yn elts gefal in mjitten boat ha én wat kennis fan it reglemint. "Dat is wel handig als alle klassen door elkaar varen", seit Doevendans.
KWS-foarsitter Karst Doevendans
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek