Pieter-Jan Postma beneamd as Panskipper: in foarbyld en ynspiraasjeboarne

02 aug 2019 - 21:39

Fanwege syn grutte fertsjinste foar de sylsport is de 37-jierrige Pieter-Jan Postma fan Terkaple freed beneamd as Skipper yn de Oarder fan de Sneker Pan. Mei dizze ûnderskieding earet de KWS alle jierren in persoan dy't him ynsetten hat foar de sylsport en foar de Snitswike.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

De ûnderskieding wurdt al sûnt 1954 útrikt. By de ûnderskieding heart in koperen koekpanne wêryn't it stedswapen fan Snits ferwurke is. Postma krige de ûnderskieding út hannen fan boargemaster Jannewietske de Vries fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

Postma hat in sylkarriêre fan hast 30 jier efter de rêch. Hichtepunten yn syn sportive karriêre binne de Europeeske titel yn de Finn-klasse yn 2016 en yn datselde jier in tredde plak op it WK. Fierder die Postma mei oan de Olympyske Spelen yn 2008, 2012 en 2016. Hy waard ek njoggen kear Nederlânsk kampioen yn de Laser en dêrnei de Finn.

Foarbyld en ynspiraasjeboarne

"Hy hat mei syn sportive prestaasjes in bysûndere bydrage levere oan it wedstriidsilen en is in foarbyld en ynspiraasjeboarne foar in protte jonge silers", sei boargemaster De Vries. "It is it bewiis dat je mei drive en trochsettingsfermogen in fantastyske prestaasje helje kinne. Postma is dêrneist sosjaal en hat each foar de oare sporters." Postma neamde syn beneaming in hele eare.

(advertinsje)
(advertinsje)