Thewis Hobma wint yn Bûtenpost en pakt einklassemint topklasse

02 aug 2019 - 21:20

Fierljepper Thewis Hobma út Harns hat freed it fierljeppen yn Bûtenpost wûn en einiget dêrmei op it earste plak yn it totaalklassemint fan de topklasse. Hy ljepte nei 20,18 meter en dêrmei passearre er de klassementslieder Ysbrand Galama.

It is de earste kear dat Thewis Hobma it klassemint wint. Hy mei no by it Frysk Kampioenskip yn Winsum yn de Fryske liederstrui springe. Hy hat it hiele seizoen net ien kear de trui droegen, mar stiet nei Bûtenpost foar it earst oan kop. Foar Hobma wie it de iennige priis dy't er noch nea wûn hie.

Hobma soe net iens meidwaan yn Bûtenpost, mar nei in goede wedstriid yn Burgum fan ôfrûne woansdei (in PR fan 21,41) seach er dochs noch kânsen om it klassemint te winnen en dus die er mei yn Bûtenpost.

Sytse Bokma út Hylpen waard yn Bûtenpost twadde mei 19,36 meter. It tredde plak wie mei 18,88 meter foar Nard Brandsma út Warkum.

Thewis Hobma

Foto: Martin de Jong Fotografie

Van der Wal wint by froulju

Yn de topklasse fan de froulju gie de oerwinning nei Marrit van der Wal fan It Heidenskip. Sy ljepte yn Bûtenpost nei in ôfstân fan 15,33 meter. Sigrid Bokma fan Hylpen waard twadde mei in meter minder fier as Van der Wal. Boukje de Boer ljepte 13,68 meter en waard tredde.

Foto: Martin de Jong Fotografie

Junioaren

Jasper Henstra fan Gryptsjerk ljepte by de junioaren it fierst. Hy sette in ôfstân fan 16,89 meter del. Minne Smit fan Winsum kaam ta 16,21 meter en waard dêrmei twadde. It tredde plak wie foar Jos Bethlehem fan Drylts. Hy kaam ta 15,78 meter.

De Fryske trui bliuwt wol om de skouders fan Wytse Nauta. Hy hie in strjitlingte foarsprong yn it klassemint.

Jonges

By de jonges ljepte Rutger Haanstra fan It Heidenskip it fierst: 16,68 meter. Hy wint ek it klassemint. Haanstra springt al it hiele seizoen yn de liederstrui.

Yn Bûtenpost waard Peter Faber út Oldehove twadde (16,24) en Jelte Folkertsma fan Himmelum tredde (15,51).

Famkes

Tirza Boschma fan Drylts lei by de famkes beslach op it earste plak yn Bûtenpost. Sy sprong yn de finale nei in ôfstân fan 14,66 meter, in persoanlik rekôr. Se fersloech dêrmei ek Femke Rispens, dy't ta 13,98 kaam. Rispens wint wol mei oermacht it klassemint by de famkes. Pytrix Westra fan Burgum waard freed tredde mei 13,31 meter.

(advertinsje)
(advertinsje)