SC Cambuur ferliest thús fan Volendam yn lêste oefenwedstriid

02 aug 2019 - 20:49

Sportklup Cambuur hat freedtejûn de lêste oefenwedstriid foar de kompetysje mei 4-2 ferlern fan FC Volendam. Yn it Cambuur Stadion kamen de Ljouwerters twa kear op foarsprong, mar yn it lêste healoere skoarde Volendam trije kear.

De earste grutte kânsen wiene foar Issa Kallon. De rappe bûtenspiler fan de Ljouwerters kaam ferskate kearen yn kânsrike posysje, mar hy hie it fizier net op skerp. Jamie Jacobs soarge fiif minuten foar it skoft wol foar de 1-0, nei goed wurk fan Giovanni Korte en Robert Mühren.

De ploech fan Henk de Jong gie lykwols net mei in foarsprong oan de tee, want nei't Mees Hoedemakers de bal ferspile flak foar it eigen strafskopgebiet, makke Joey Veerman de lykmakker.

Jamie Jacobs yn duel mei Mike Eerdhuijzen - Foto: www.orange-pictures.nl

Jamie Jacobs lei de bal nei tsien minuten spyljen yn de twadde helte perfekt klear foar Robert Mühren. De âld-spiler fan Volendam sette Cambuur wer op foarsprong. Op 'e nij duorre it net lang foar't Volendam wat werom die. Zakaria el Azzouzi makke op kolderike wize de 2-2.

In kertier foar tiid begie Cambuur-doelman Sonny Stevens in grutte flater. Martijn Kaars fan Volendam profitearre dêr optimaal fan, troch de besikers op 3-2 te setten. Wer in pear minuten letter skoarde Volendam op 'e nij. Proefspiler Tim Siekman wie blessearre, mar it spul mocht trochgean. Darius Johnson skoarde en dat wie ek it lêste doelpunt fan de wedstriid.

Blessueres

De Ljouwerters moasten it dwaan sûnder ferdigener David Sambissa en middenfjilder Robin Maulun. Doke Schmidt begûn as linksback, it plakje dêr't Sambissa normaal stiet, mar Schmidt foel yn de earste helte sels ek blessearre út.

Takom wike kompetysje

De earste wedstriid fan de kompetysje is foar Cambuur nije wike freed. Dan is yn Doetinchem De Graafschap de tsjinstanner.

SC Cambuur - FC Volendam: 2-4 (1-1) 38. Jamie Jacobs 1-0, 45. Joey Veerman 1-1, 57. Robert Mühren 2-1, 63. Zakaria el Azzouzi 2-2, 76. Martijn Kaars 2-3, 83. Darius Johnson 2-4

(advertinsje)
(advertinsje)