FIDEO: Trije út seis foar De Lemmer nei winst by Ealahuzen

02 aug 2019 - 20:41

Nei seis races om it SKS-kampioenskip hat De Lemmer de helte fan alle dei-oerwinningen pakt. Freed by Ealahuzen kaam it skûtsje fan skipper Albert Visser wer as earste oer de finish en dêrmei pakke se de kopposysje yn it klassemint.

Yn 'skûtsjetûk' giet it diskear oer it 'Philips-skûtsje'. En skipper Jappie Visser foel fan board: we praten mei him en syn soan, Douwe.

Willem Zwaga komt ek oan it wurd. Hy waard freed mei it Ljouwerter skûtsje fiifde en sa'n goed resultaat koene se wol brûke, want it rûn noch net geweldich.

En fansels Albert Visser, dy't mei De Lemmer no trije oerwinning pakt hat. Dizze jout in protte foldwaning, fertelt er.

Trefwurden: 
De Lemmer skûtsjesilen SKS
(advertinsje)
(advertinsje)