Nederlânske follybalfroulju sette earste stap nei Olympyske Spelen

02 aug 2019 - 19:32

De Nederlânske follybalfroulju, mei Marrit Jasper fan Snits yn de seleksje, ha freed yn it Italiaanske Catania mei 3-0 wûn fan België. It wie de earste wedstriid op it Olympysk Kwalifikaasjetoernoai (OKT) foar Tokio 2020. De setstannen wiene 25-20, 25-15 en 25-22.

Marrit Jasper (argyf) - Foto: www.orange-pictures.nl

Marrit Jasper bleau de earste twa sets op de bank, yn de tredde set kaam se as ynfaller yn it fjild.

Pûl mei fjouwer lannen

Nederlân sit yn in pûl mei België, Kenia en Italië. De winner pleatst him foar de Olympyske Spelen fan takom jier. Dêr dogge tolve lannen oan mei. Mocht Nederlân him dit wykein net pleatse, dan komt der noch ien kâns.

De earste stap is dus set. Sneon spilet Nederlân tsjin Kenia, snein tsjin gastlân Italië.

(advertinsje)
(advertinsje)