Plysje hâldt jonge karavanynbrekkers yn Drachten oan

02 aug 2019 - 18:59

Twa jonges fan 15 en 17 jier binne yn Drachten oanholden neidat se ynbrutsen hiene yn in karavan oan de HBS-strjitte. De plysje waard tipt troch in buertbewenner dy't it skynsel fan in bûslampe yn de karavan seach.

Plysje logo - Foto: Omrop Fryslân

Doe't de plysje op it plak oankaam, koene de jonges oanholden wurde. De jonges hiene in rút fan de karavan fernield en folslein trochsocht. De beide jonges binne oerbrocht nei it arrestantenkompleks yn Ljouwert wêr't se ynsletten waarden.

De ôfrûne wiken binne der by de plysje yn it noardeasten fan Fryslân ferskate meldings fan karavanynbraken binnen kommen. Der wurdt noch ûndersocht of beide jonges dêr ek by belutsen binne.

Trefwurden: 
Drachten ynbrekker karavan
(advertinsje)
(advertinsje)