Kafee yn Noardwâlde mei moanne lang net taapje en patatbakke

02 aug 2019 - 18:42

Kafee Olde Vaort yn Noardwâlde moat in moanne ticht fanwege ferskate oertrêdingen. Dat hat de gemeente Weststellingwerf besletten. Neffens de gemeente hâldt it kafee him ûnder oaren net oan de slutingstiden, is de fergunning net yn oarder en wie de liedingjaande net oanwêzich yn it kafee.

Kafee Olde Vaort yn Noardwâlde - Foto: Google Streetview

It kafee hat meardere warskôgingen krigen fan de gemeente, mar omdat dy net ta ferbettering laten, moat it kafee no oant 2 septimber dit jier ticht.

(advertinsje)
(advertinsje)