Glêstúnbedriuw Hartman yn de ferkeap, want memmebedriuw hat ferlet fan jild

De Belgyske Fruit Farm Group wol ôf fan glêstúnboubedriuw Hartman út Seisbierrum. It Financieele Dagblad meldt freed dat de Fryske dochterûndernimming te keap stiet omdat de eigener driuwend ferlet hat fan jild.
© Omrop Fryslân, René Koster
Hartman waard goed twa jier lyn oernommen troch de Fruit Farm Group. Al frij rap nei de oername kaam Hartman yn de problemen. Sawol yn 2017 as yn 2018 makke it bedriuw sân miljoen euro ferlies. Troch de ferliezen balansearre Hartman ein 2018 op 'e râne fan in fallisemint.
Ein 2018 kundige Hartman in grutte reorganisaasje oan. Flak foar de krystdagen kaam de meidieling dat 57 fan de 110 fêste minsken harren baan ferlieze soene. Uteinlik binne 20 minsken harren baan echt kwytrekke. Fierder binne der njoggen fuort gien troch natuerlik ferrin. De ferkoarte wurktiid dy't foar nochris 33 minsken oanfrege wurde soe, is net mear nedich. Nei dy reorganisaasje ûnder lieding fan in krisismanager giet it no wer in stik better mei Hartman.

No wer nijsgjirrich foar keapers

Neffens it Financieele Dagblad giet it yntusken sels sa goed mei it Seisbierrumer glestúnbedriuw dat it mooglik wer nijsgjirrich is foar eventuele keapers. In diel fan de earder oankundige ûntslaggen binne sels ynlutsen. It bedriuw is in wichtige leveransier fan biologyske grienten fan it supermerkkonsern Albert Heijn.