Amelân sil feardaam opeaskje

03 jul 2012 - 16:34

It Amelân wachtet al fiif jier op de offisjele oerdracht fan de feardaam troch Rykswettersteat oan de gemeente. Yn prinsipe is de feardaam al oernommen. Mar de akte dy't dat regelet, is noch hieltiten net passeard. Wêrom't Rykswettersteat dat net docht is ûndúdlik. Wethâlder Bakema hat op fragen fan riedslid Teuben fan Ameland '82 witte litten dat hy juridyske stappen tsjin it Ryksvastgoed- en ûntwikkelingsbedriuw net útslút.

In wurdfierder fan Rykswettersteat lit witte te ferwachtsjen dat de oerdracht ein dit jier regele wêze sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)