Poleposition foar Nyck de Vries yn Hongarije

02 aug 2019 - 17:36

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea hat freedtemiddei op it sirkwy yn Hongarije de poleposition pakt. De Formule 2-koereur foar it team fan ART Grand Prix wie yn de kwalifikaasje it rapst en ried mei 1.49.809 de bêste tiid.

Foto: Orange Pictures

It wie in rappe ronde yn de wiete kwalifikaasjesesje foar De Vries yn Hongarije. Luca Ghiotto út Italië einige as twadde mei in tiid fan 1.50.036. It tredde startplak gie nei Nicholas Latifi, de konkurrint fan de Fries yn it kampioenskip, yn 1.50.578.

Sneon race

De haadrace fan de Formule 2 yn Hongarije set sneontemoarn útein.

Trefwurden: 
Formule 2 Nyck de Vries racen
(advertinsje)
(advertinsje)