Arends ienfâldich nei finale dûbeldspul Segovia

De Ljouwerter tennisser Sander Arends hat him freed ienfâldich pleatst foar de finale fan it dûbeldspul yn Segovia. Yn de heale finale fan it Open Castilla y León wûnen Arends en syn maat David Pel mei 6-2 en 6-0 fan de Spanjerts Íñigo Cervantes Huegun en Oriol Roca Batalla.
© www.orange-pictures.nl
Arends en Pel binne it heechst pleatste duo yn Segovia, in stêd noardwestlik fan Madrid. In wike lyn wûnen se al it challengertoernoai yn de Finske stêd Tampere.
Yn de finale treffe de Nederlanners in Braziliaansk duo: Felipe Meligeni Alves en Orlando Luz wûnen yn de oare heale finale mei 7-5 en 7-6 fan Gerard Granollers en Julian Ocleppo.