UPDATE: Scooterrider om it libben kaam nei oanriding mei auto yn Ljouwert

In scooterrider is freed nei in oanriding mei in auto op de Pieter Stuyvesantwei yn Ljouwert om it libben kaam. Nei it ûngelok waard noch besocht om de scooterrider te reanimearjen, mar dat hat net holpen. It slachtoffer wie in 59-jierrige man út Ljouwert.
© Nick den Boer / ProNews
De dyk is fanwegen it ûngelok ticht. De ambulânse en traumahelikopter wiene nei it plak fan it ûngelok kaam.
De oarsaak fan it ûngelok is noch net dúdlik. De bestjoerder fan de auto wurdt meinommen nei it plysjeburo. De plysje sil him hearre oer de tadracht fan de oanriding.