SC Hearrenfean klear foar earste wedstriid fan it jier

04 aug 2019 - 08:12

SC Hearrenfean spilet om 12:15 oere yn Almelo de earste kompetysjewedstriid fan it jier. Heracles is de tsjinstanner.

Foto: www.orange-pictures.nl

Hearrenfeanspiler Chidera Ejuke kin meidwaan. De Nigeriaan hat tongersdei in wurkfergunning krigen. Dat hat sa'n twa wiken yn beslach naam. Ejuke waard dizze simmer oernaam fan Vålerenga út Oslo.

Ejuke is in Nigeriaan en spile yn Noarwegen. Syn wurkfergunning moast yn it Sweedske Stockholm regele wurde, mar de korrekte stimpels dêrfoar wiene der net. Dêrtroch duorre it langer as normaal, mar tongersdei is de wurkfergunning ôfjûn.

Ik denk dat het publiek wel van hem gaat genieten.

Johnny Jansen oer Chidera Ejuke

Oft Ejuke ek fuort yn de basis begjint is noch mar de fraach. Trainer Johnny Jansen is wol hiel entûsjast oer him. "Ik denk dat het publiek wel van hem gaat genieten. Hij heeft wel drie of vier weken geen wedstrijd gespeeld en vandaag voor het eerst met de groep meegetraind."

Itselde jildt foar Ricardo van Rhijn, dy't tongersdei presintearre waard. Van Rhijn en Ejuke sitte wol beide by de seleksje.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Jansen woe fierder noch neat kwyt oer de opstelling. "Ik hoop daar in de toekomst wel wat meer over kwijt te kunnen, maar de jongens weten het nu zelf ook nog niet."

Daniël Høegh is blessearre. Hy foel yn de wedstriid tsjin Sunderland út. Jansen: "Hij liep eerst nog met krukken en nu niet meer. Daniël heeft last van zijn enkel, maar hoe lang hij uitgeschakeld is, is nog niet duidelijk." De ferwachting is dat Andreas Skovgaard syn plak ynnimt. Sven Botman is ek in opsje.

Fermoedlike opstelling: Hahn; Floranus, Skovgaard (Botman), Dresevic, Woudenberg; Kongolo, Faik, Rienstra; Van Bergen, Odgaard en Bruijn.

De wedstriid Heracles Almelo - SC Hearrenfean is live te folgjen op Omrop Fryslân radio.

(advertinsje)
(advertinsje)