Grutte blikskea troch botsing by Ferwert

02 aug 2019 - 16:34

Twa auto's binne freed op de Ljouwerterdyk by Ferwert mei-inoar yn oanriding kaam. It barde by de krusing mei de Marrumerwei. Mooglik hat ien fan de bestjoerders de situaasje ferkeard beoardield, wêrnei't der in kop-sturtbotsing ûntstie.

Foto: Srfotografie

It ambulânsepersoniel hat de bestjoerders kontrolearre, mar gjinien is ferwûne rekke. De dyk hat wol diels ticht west, omdat de skea oan beide weinen grut wie en it even duorre foardat alles opromme wie.

Trefwurden: 
botsing Ferwert Marrumerwei
(Advertinsje)
(Advertinsje)