Noppert mei heale finaleplak ferdigenje op International Darts Open yn Riesa

02 aug 2019 - 16:28

Darter Danny Noppert hat him freedtemiddei pleatst foar it International Darts Open yn Riesa. De 28-jierrige Jouster wûn by it kwalifikaasjetoernoai yn it Dútske Hildesheim fan Martin Schindler (6-3) en José de Sousa (6-4).

Foto: Orange Pictures

Noppert fersekere him dêrmei fan dielname oan syn fjirde European Tour fan dit seizoen. It International Darts Open wurdt hâlden fan 13 oant 'e mei 15 septimber yn Riesa, yn it súdeasten fan Dútslân.

Heale finale

Ferline jier helle Danny Noppert de heale finale fan de European Tour yn Riesa. Dat is oant no ta noch hieltyd syn bêste prestaasje op de Europeeske toernoaien fan de PDC.

De pleatsing foar syn fjirde toernoai op de European Tour komt op in goed momint foar Noppert. Hy hat noch inkelde oerwinningen nedich om op 'e list te kommen foar it EK, ein oktober.

It International Darts Open is ien fan de toernoaien fan de European Tour fan de PDC. De resultaten op dizze European Tours telle mei foar pleatsing foar it EK, dat fan 24 oant en mei 27 oktober yn it Dútske Göttingen plak fynt.

(advertinsje)
(advertinsje)