Hurdfytser Marten Kooistra rint staazje by ploech fan Dumoulin

Hurdfytser Marten Kooistra fan Jonkerslân krijt de rest fan dit seizoen de kâns om him te bewizen by Team Sunweb, de ploech fan Tom Dumoulin. Sunweb sjocht Kooistra as in hurdfytser mei in protte potinsje.
Marten Kooistra © www.orange-pictures.nl
Kooistra, no 21 jier âld, rydt al in pear jier foar SEG Racing Academy. Dit jier hat er noch gjin geweldige resultaten boekt, mar in jier lyn wie hy de bêste yn Parys-Tours foar beloften. "Ik sjoch der nei út om as stazjêr by Team Sunweb te fytsen", seit Kooistra.
"It is in moaie gelegenheid om op in heger nivo te fytsen en om de ploech kennen te learen. Ik bin hiel motivearre, dit is in moaie kâns om mysels sjen te litten."