Plysje hâldt fertochte oan foar botsing mei brêgewippershúske It Hearrenfean

02 aug 2019 - 16:08

De plysje hat freed in fertochte oanhâlden yn de saak fan it skansearre brêgewippershúske op It Hearrenfean. Freedtemoarn betiid knalde in bestjoerder mei syn auto tsjin it gebouke, dat troch de klap swier skansearre rekke. De automobilist ried troch, mar is letter troch de plysje oanhâlden.

Foto: Jaring Rispens

De plysje hat de skansearre auto fan de fertochte lykwols noch net fûn. Dy waard foar it lêst sjoen op de Prikwei yn Aldeboarn.

De oprop fan de plysje op Facebook waard mear as twahûndert kear dield en smiet in soad reaksjes op. Ien fan de minsken pleatste in foto fan in skansearre wite auto; de plysje hat dy auto lykwols noch net fûn.

Gemeente: hûs yntusken stut

Neffens de gemeente is it hûs yntusken stut, om fierdere skea foar te kommen. Ek de omjouwing is ôfset. De gemeente hat op dit stuit gjin rol as it om it herstel giet, mar hâldt dat wol yn 'e gaten. Dat fanwege eventueel gefaar foar de omjouwing, mar ek omdat it brêgewippershûs in gemeentlik monumint is.

Bylden fan de ravaazje, doe't de fertochte noch net oanholden wie:

(advertinsje)
(advertinsje)