Keamermearderheid tsjin JSF

03 jul 2012 - 16:26

In mearderheid fan de Twadde Keamer wol net langer dat Nederlân meidocht oan it ûntwikkeljen fan de JSF, it nije jachtfleantúch dy't de F16 ferfange moat. Neist de SP, de PVV en GrienLinks wol no ek de PvdA der mei ophâlde. Definsjespesjalist Angelien Eijsink hat dat tiisdei yn de Twadde Keamer sein. Neffens har wurdt it projekt te djoer en wurde ôfspraken net neikommen.

De PvdA wol it risiko net mear foar har rekken nimme. Eijsink fynt dat skielk in tastel kocht wurde moat dat dan it bêste oan de easken foldocht.

Benammen yn de doarpen om de Ljouwerter fleanbasis hinne bestiet eangst foar de JSF, omdat dy folle mear leven meitsje soe as de F16's dy't dêr no stasjoneard binne.

(advertinsje)
(advertinsje)