Fryslân Fêstlein: "As de bern fakânsje ha, ha de âlden it ek"

02 aug 2019 - 17:42

Fan wettereangst yn Boarnsweach oant in persoanlike oerwinning op It Amelân. Dizze simmer sammelet Omrop Fryslân foar de simmerrige Fryslân Fêstlein de moaiste fakânsjefoto's. Dizze kear binne wy op besite by Petra Visser, dy't op fakânsje is yn 'e omkriten fan Riis.

Murnzer Klif

De foto fan Petra is trije jier lyn nommen by it Murnzer Klif. "We wiene efkes te swimmen mei de bern en doe ha ik dizze foto nommen," seit Petra grutsk. "It wie wol grappich om de skuon op in balke te lizzen en de foto sa te nimmen." De balke leit der noch, sa docht út ûndersyk bliken. "Kinst it hast it bekende balkje fan Murns neame," laket Petra.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

"Wy ha hjir alles"

Petra Visser sit mei har famylje op in kamping yn de Rysterbosk. "We ha hjir alles," sa fertelt sy entûsjast. "De bern wolle graach swimme en dat kin hjir op it strân en yn it swimbad." Wylst Petra har ferhaal docht, springt har dochter yn it swimbad. "Ja, we moatte der wol op lette, want sy leit sa wer yn it wetter," laket se.

"Wy binne gjin planners"

De reden wêrom't Petra en har húshâlding al jierren op fakânsje giet nei Riis is frij logysk, fine se sels. "Wy binne gjin planners en sjogge altyd gewoan wat de dei ús bringt." Dan is Riis ideaal. "We gean bygelyks te fytsen of efkes lekker nei it strân. Mar dat witte wy moarns pas."

Petra Visser oer har fakânsje

'Fryslân Fêstlein'

Hawwe jo ek in bysûndere foto fan in fakânsje yn Fryslân? Lit it ús witte! Stjoer jo foto en ferhaal nei foto@omropfryslan.nl.

(advertinsje)
(advertinsje)