De Lemmer nimt kopposysje oer nei reinwedstriid by Ealahuzen

02 aug 2019 - 15:43

It skûtsje fan De Lemmer stiet boppe-oan yn it klassemint fan de SKS nei de wedstriid by Ealahuzen. De Lemsters kamen as earste oer de finish. Grou waard fjirde, en dêrtroch is it ferskil yn it klassemint no 1,2 punt yn it foardiel fan De Lemmer.

It is de tredde kear dit jier dat skipper Albert Visser earste wurdt. "Ik hie yn myn loopbaan noch mar trije kear wûn, en dan no trije yn ien jier. It moat net gekker wurde!"

"Dit is fantastysk. Ik tink dat it bierke aanst wol wer smakket. Mar ik nim der net tefolle, want we moatte moarn wer skerp wêze. De Snitser Mar is noch fier."

Op en del

De organisaasje hie keazen foar in op-en-delbaan. De skûtsjes koene iderkear kieze om hokker fan de beide ûndertonnen oft se hinne sile woenen. De IFKS kiest faker foar dizze baan, mar by de SKS komt it net faak foar.

Visser wie tefreden mei de baan. "Der siet striid yn. De skippen yn it midden kinne ek noch in oanfal dwaan. Mar as ik foraoan lis, hie ik leaver in sânglês!"

It skûtsje fan Hearrenfean kaam as twadde oer de finish, Huzum waard tredde. Grou lei lang op it tredde plak, mar Huzum koe dêr ûnderdel sile, omdat Grou oerstach gong.

Earnewâld stie yn de top fiif fan it klassemint, mar einige stiif achteroan.

Foar it earst dit jier hat der yn de hiele wedstriid gjin inkelde protestsitewaasje west.

Finishfolchoarder by Ealahuzen

1 De Lemmer
2 Hearrenfean
3 Huzum
4 Grou
5 Ljouwert
6 Akkrum
7 Heale Moanne
8 Drachten
9 Snits
10 Wâldsein
11 Súdwesthoeke
12 De Jouwer
13 Langwar
14 Earnewâld

Trochdat Earnewâld dizze wedstriid ôflûke mei fan it puntetotaal, bliuwe se yn de top fiif stean.

Klassemint

NEI ÔFLÛK MINSTE WEDSTRIID
1 De Lemmer 10,7 10
2 Grou 11,9 8
3 Huzum 18 7
4 Hearrenfean 19,9 9
5 Earnewâld 25 14
6 Akkrum 29 14
7 Snits 34 10
8 De Jouwer 39 13
9 Drachten 40,9 14
10 Heale Moanne 42 11
11 Ljouwert 43 12
12 Wâldsein 48 14
13 Súdwesthoeke 50 14
14 Langwar 63 14
Trefwurden: 
skûtsjesilen SKS Ealahuzen
(advertinsje)
(advertinsje)