FIDEO: Auto rydt gevel monumintaal húske oan gruzeleminten

It is it praat fan de dei op It Hearrenfean en de ravaazje is enoarm. Wat hat de bestjoerder fan in lytse wite persoane-auto him dochs yn de holle helle? De eigener fan it monumintale brêgewippershúske, Rob van der Wielen, snapt der neat fan.
Auto rydt gevel oan gruzeleminten
Buertbewenners hearden freed in grutte klap, wêrnei't de helptsjinsten belle waarden.

Auto wer op strjitte treaun

Neffens omstanners soe de bestjoerder de swier skansearre auto wer op strjitte treaun hawwe. Dêrnei ried er fuort. De plysje hat wiidweidich ûndersyk dien en koe freedtemiddei in fertochte oanhâlde.
It brêgewippershúske op It Hearrenfean is in gemeentlik monumint. De gemeente fiert freed in ynspeksje út oan it gebouke.