Ungelok by Wommels: twa auto's botse op krusing N359

02 aug 2019 - 15:35

Op de N359 by Wommels is freedtemiddei in ûngelok bard. Twa auto's kamen dêr op de krusing mei elkoar yn botsing. Nei alle gedachten ûntstie it ûngelok troch in foarrangsflater.

Foto: Omrop Fryslân

Ien persoan soe ferwûne rekke wêze. Personiel fan de ambulânse is oanwêzich. It ferkear op de N359 kin wol by de krusing del, mar wurdt troch de plysje trochlaat.

Trefwurden: 
ûngelok Wommels N359
(advertinsje)
(advertinsje)