Minder fleanbewegingen boppe It Amelân nei klachten

02 aug 2019 - 15:21

De fleanbasis Ljouwert sil besykje mear rekken te hâlden mei It Amelân by de oplieding foar wapenynstrukteurs. Dat meldt de basis nei oanlieding fan klachten fan it eilân ôf.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De fleanbasis fersoarget dizze moannen de oplieding foar wapenynstrukteurs. Dêrby wurdt ûnder oare flein oer de eastkant fan It Amelân. Dat smiet klachten fan bewenners en toeristen op. De fleanbasis hat no besletten om sa min mooglik oer de eastkant fan it eilân te fleanen. It fleanen foar de oplieding begjint ein septimber wer, oant dy tiid krije de kursisten benammen teoryles.

(advertinsje)
(advertinsje)