Hurdfarren op Burgumer Mar bliuwt ferbean; "zwaar klote", fynt campingeigener

02 aug 2019 - 18:49

It hurdfarren op de Burgumer Mar bliuwt ferbean. Natuer- en lânskipsferiening De Wâlden, De Marren hie frege om it stillizzen fan de proef op de mar en krijt gelyk fan de rjochter. De provinsje woe mei de proef útfine oft de natoer skea hat fan it hurdfarren.

De feriening hie oanjûn dat it hurdfarren yn striid is mei it eigen provinsjale belied op de Burgumer Mar. Yn it rekreaasjebelied steane kearnbegripen oer rêst en romte op de marren yn noardeast-Fryslân. At je dan hurdfarren tasteane komme dy yn it geding, sa stelt de natuerferiening.

Mirjam Frieswijk fan De Wâlden, De Marren

De foarsjenningenrjochter giet dêryn mei. Hy fynt dat hurdfarren net past binnen de eigen provinsjale regels. De pilot is dan ek in ynbreuk op de kearnwearden rêst en romte sa't de provinsje dy earder fêstlein hat foar it gebiet.

Rjochter: wiziging moat motivearre wurde

De foarsjenningrjochter fynt fierder dat as de provinsje it belied foar de mar wiziget, dat ek goed motivearre wurde moat. Dat is hjir net it gefal, fynt de rjochter. By de behanneling fan de saak stelde de provinsje dat it hurdfarren in proef is om krekt út te finen wat de mooglike skea is oan de natuer. Dêr wie ûndersyksburo Altenburg & Wymenga foar ynhierd.

Yn in eardere stúdzje fan it ûndersykburo is al wol dúdlik wurden dat guon fûgelsoarten dy't op de saneamde 'reade' list steane, steurd wurde. It buro stelde doe dat it oan de provinsje is oft dat akseptabel is. De foarsjenningenrjochter giet dêryn mei, mar fynt dêr gjin motivaasje fan en ek wurdt net dúdlik oft dat wol meinommen is yn it beslút om de proef mei it hurdfarren ta te stean.

"Zwaar klote"

Fokko Eybergen, eigener fan camping Bergumermeer, is bot teloarsteld. Hy hat in soad gasten dy't der spesjaal komme foar it hurdfarren. "Dit is zwaar klote", is syn earste reaksje.

Proef yn 2020

Deputearre Avine Fokkens fan de provinsje Fryslân fynt de útspraak teloarstellend foar de minsken dy't dit graach woenen. "Het is zoals het is, maar we hebben ons nu neer te leggen bij de uitspraak van de rechter en dat gaan we zeker doen", seit se.

"De uitleg die de rechter geeft is dat de provincie te kort geschoten is in haar motivering. Dat is een vrij technisch verhaal, maar conclusie is dat die pilot er daardoor dit jaar niet meer komt. We gaan echter wel kijken wat we kunnen doen om die pilot in 2020 toch te kunnen laten houden."

Reaksje fan deputearre Avine Fokkens

(advertinsje)
(advertinsje)