Nederlân ek te sterk foar Kataloanië op WK kuorbal

It Nederlânsk kuorbalteam hat ek syn twadde wedstriid op it WK yn Súd-Afrika wûn. Freed wie de ploech, mei de Friezen Erwin Zwart en Marloes Frieswijk yn de seleksje, mei 35-10 te sterk foar Kataloanië.
Nederlân begûn sterk en stie nei it earste kwart al mei 9-2 foar. Yn it twadde kwart wie it ferskil noch grutter: de Katalanen skoarden hielendal net en Nederlân rûn fierder út, nei 17-2.
It tredde kwart wie wat mear yn lykwicht, al skoarde Nederlân noch altyd twa kear sa faak as Kataloanië: 27-7. De lêste tsien minuten fan de wedstriid skoarde Nederlân nocht acht kear, de Katalanen trije kear.

Friezen op de bank

De twa Friezen, Zwart en Frieswijk, bleaunen de hiele wedstriid op de bank. Itselde jildt foar LDODK-spylster Marjolijn Kroon.
It is de twadde oerwinning foar Nederlân. Tongersdei wie de ploech al mei 41-5 te sterk foar Nij-Seelân. Sneon spilet Nederlân de tredde groepswedstriid, tsjin Tsjechië. Dat lân hat ek syn earste twa wedstriden wûn, mar wol mei minder grutte sifers.