Jild foar skriezestjoerderkes

© Omrop Fryslân
Skriesspesjalist Theunis Piersma hat in subsydzje fan sân ton krigen foar de ûntwikkeling fan noch bettere stjoerderkes foar skriezeûndersyk.
Mei it jild kinne lichtgewicht stjoerderkes ûntwikkele wurde, wêrmei't folge wurde kin wêr't de fûgels binne en wat se dogge. De ûndersikers stribje dernei om de apparaatsjes sa goedkeap mooglik te meitsjen, sadat safolle mooglik fûgels se krije kinne. De stjoerders binne bedoeld foar wittenskiplik ûndersyk.