Net allinne boatsjes, mar ek Verstappen syn Formule 1-auto op it Starteilân

02 aug 2019 - 14:33

Besikers fan de Snitswike hoege dizze dagen op it Starteilân net allinne mar boatsjes te bewûnderjen. Autosportfans kinne dêr fan sneon ôf ek de Formule 1-auto fan Max Verstappen besjen.

Foto: Srfotografie

De Formule 1-auto fan Verstappen is de RB14. Dêrmei behelle de Nederlânske koereur ferline seizoen twa oerwinningen yn de heechste klasse fan de autosport. De 'besite' fan de auto oan it Starteilân kaam ta stân nei oerlis tusken de Keninklike Wettersportferiening Snits (KWS) en har partner, Red Bull. Dy is ek nammejouwer fan it Formule 1-team fan Verstappen.

(advertinsje)
(advertinsje)