Laitsje en gûle op de minimakamping fan Appie

Fjouwer tinten op in stik greide fan Appie Wijma út de Grinzer Pein. Dat wie it oarspronklike idee foar dizze simmerfakânsje. Mar dat idee rûn hielendal út de hân. En dan is Appie de beroerdste net. "Dan sette we der gewoan dochs in pear tinten by?"
Emoasjes op Appie's kamping
In hearlike fakânsjewike op de kamping fan Appie Wijma. De earste groep kampearders hat harren fakânsjewike yn de Grinzer Pein der al wer opsitten en moat hast plakmeitsje foar in nije groep minima.

"Kinderen eindelijk op vakantie"

In Drachtster heit fan trije bern is drok dwaande mei it goed delsetten fan in parasol. Want al sit de rein yn de loft, de sinne komt ek noch wol om it hoekje sjen. "Het is hartstikke gezellig hier, super. Ik ben blij dat de kinderen eindelijk eens kunnen zeggen dat ze op vakantie zijn geweest. Ze zijn nog nooit op vakantie geweest, dus dan is het hier bij Appie op de camping ideaal. Als je even niks hebt, dan houdt het op hè? En dan zes weken thuis zitten, dat is lang voor de kinderen. Dit is gewoon geweldig."
Dat kinne de bern op de kamping allinnich mar ûnderskriuwe. By Appie op de minimakamping kinne de bern op de skommel boartsje, rûnride op de skelter, swimme, of kuierje op it bleatefuottepaad. En ek as it begjint de reinen, bliuwt it gesellich. Want tsjille op it luchtbêd mei in pûde sjips yn de tinte kin ek bêst ûntspannen wêze.
Bern boartsje op de skommel © Omrop Fryslân
Wij leven van een uitkering. Mijn man is afgekeurd na een beroerte en ik ben thuis voor onze acht kinderen. Vijf hebben een beperking, dus dat is pittig.
Kampinggast Marja Messchendorp
Tsjille yn de tinte as it bûten reint is ek hiel gesellich © Omrop Fryslân

Fakânsje makket triennen los

Ien fan de kampinggasten is Marja Messchendorp út Grinslân. Mei har man en acht bern sliepe se dizze wike yn tintsjes. Foar it earst, want se hawwe noch nea mei-inoar op fakânsje west. "Mijn man is afgekeurd na een beroerte en ik zorg voor onze acht kinderen. Vijf hebben een beperking, dus dat is pittig", fertelt mem Marja Messchendorp.
It docht har in hiel soad om no einlings ris mei syn allen fuort te wêzen. "Iedereen geniet. Ik ook, want ik kom nu ook eens aan mezelf toe." En dat is ek bêst emosjoneel. Marja Messchendorp komt dêr ek gewoan foar út. "Deze dagen hebben ons echt goed gedaan. Je komt even in ruststand en dan komt alles los. Nu huil ik alweer."
Kampingbehearder Appie Wijma stiet derby. "Ik jank hjir ek alle dagen en der wurdt hjir alle dagen wol jankt, mar dat hinderet neat. Gûle heart derby, oars binne je ek gjin minsk."
Appie (yn blau) hat in goed gesprek mei Marja Messchendorp © Omrop Fryslân
Ferslachjouwer Froukje Sijtsma praat mei kampinggasten, lykas Marja Messchendorp