Strafkommisje unanym oer skorsing Daniël Iseger: "Wy fine dit in passende straf"

De strafkommisje fan keatsbûn KNKB wie unanym yn it oardiel dat keatser Daniël Iseger foar fiif wedstriden skorst wurde moast. Dat seit ien fan de leden fan de kommisje.
Daniël Iseger © Henk Bootsma
Iseger krige dy straf omdat hy ôfrûne 7 july yn Huzum as ynfaller keatste foar de blessearre Sjoerd de Jong, wylst hy op dat stuit noch ien fan syn trije partijen skorsing útsitte moast. Foar guon strafsaken besteane rjochtlinen oer de hichte fan de skorsing. Dy binne fêstlein troch it KNKB. Yn it gefal fan Iseger is sa'n rjochtline der net. De kommisje hat de saak behannele en is sels ta de strafmjitte fan fiif partijen skorsing kommen.

"In passende straf"

"Wy meitsje de ôfwaging fan hoe slim in fergryp is, wy diskusjearje deroer en dan keppelje wy dêr in skorsing oan. Wy fine in skorsing fan fiif partijen yn dit gefal in passende straf", seit ien fan de leden fan de kommisje.
"De beropskommisje hat op 25 juny útspraak dien yn it berop dat Daniël tsjin syn skorsing oanspand hie. Op 26 juny is der in mail útgien fan it bûnsburo fan de KNKB nei Iseger mei de útspraak fan de beropskommisje: trije wedstriden skorsing."
De strafkommisje wiist derop dat Iseger eksakt op de hichte wie fan de datums dêr't er op skorst wie: sneon 29 en snein 30 juny en snein 7 july. "Op sneon 6 july wie der nammentlik net in partij, dêr't Daniël op meikeatse mocht. Hy wist dus presys wêr't er oan ta wie."

Diskusje yn de kommisje

De straf fan fiif partijen skorsing is ta stân kaam nei de nedige diskusje yn de kommisje, mar dy is unanym yn har oardiel. Oan de oare kant betreuret de kommisje it ek dat it allegear sa gien is. "Daniël is in noflike fint. In boechbyld foar it keatsen mei in geweldige karriêre. It is tige spitich dat it no sa rûn is. Mar Daniël hat de útspraak fan de beropskommisje negearre en dat fine wy in yngripend feit."