FIDEO: Skûtsjes lije ûnder 'ferfelend waar' op de Fluessen

Der liket in wynkrêft trije of fjouwer te stean, op de Fluessen by Ealahuzen, mar it waar is ynstabyl. 'Dat is ferfelend' seit waarman Piet Paulusma. De wyn draait, en dêrtroch is it lestich foar de wedstriidorganisaasje om in goeie start út te lizzen.
Sjoch hjirûnder nei it wedstriidferslach
De kommisje hat keazen foar in op-en-del-baan. Dat betsjut dat der twa ûndertonnen lizze, dêr't de skûtsjes iderkear ien fan kieze moatte. Neffens analist Eelke Dykstra is it in risikofol beslút, want as de wyn draait, moatte der yn ien kear meardere boeien fersleept wurde.
© Omrop Fryslân