Keunsteksposysjes om leechstân yn sintrum fan Drylts op te fleurjen

02 aug 2019 - 13:40

Keale etalaazjes fan leechsteande winkelpannen of grutte lege ruten fan te keap steande wenhûzen. Dryltster keunstners fine dat gjin moai gesicht en eksposearje dêrom harren keunst dêryn. It mes snijt oan twa kanten: it sintrum fan Drylts wurdt kleurriker en keunstners kinne harren kreäasjes sjen litte.

It inisjatyf komt fan keunstner Gunar Boon yn Drylts doe't er by de iiskoman yn de winkel siet. "We raakten aan de praat over dat er eigenlijk geen podium is voor kunstenaars om hun creaties te tonen. Zo ontstond het idee om iets in etalages te presenteren." Doe't Boon op in dei by de âlde bakkerij delrûn seach er in leech bedriuwspân. "Toen heb ik contact gezocht met de eigenaar en de gemeente met de vraag of we de etalages zouden kunnen gebruiken als expositieruimte. En iedereen was enthousiast."

Grutte ruten

Gunar Boon en ek oare keunstners út de omkriten sykje noch oare romten, dy't geskikt binne as eksposysjeromte. "Het liefst zoeken we panden in de binnenstad, aan de straatkant met ramen, zodat mensen het ook kunnen zien. Dan hebben toeristen ook iets leuks om te zien. Op het moment zijn er drie kunstenaars (Gunar Boon, Ton van der Vaart en Jeroen Deen) die exposeren met schilderijen en keramiek, maar we denken dat er hierna wel meer kunstenaars zijn die ook wel willen exposeren. Dat kan ook heel goed iets met poëzie zijn."

Goed foar de ferkeap

In oare bykomstichheid is dat de te keap steande hûzen en winkels no ek better opfalle. It betsjut allinnich wol dat de keunstners dêrnei wer sykje moatte nei in nije eksposysjeromte. Dochs is keramykkeunstner Ton van der Vaart bliid mei dizze kâns. "Ik voel me vereerd dat mijn kunstwerken hier tentoongesteld kunnen worden, zo in het zicht van mensen. En als het pand verkocht wordt, dan is dat jammer voor ons. Niets is voor altijd en als deze deur sluit, dan gaat er vast wel weer eentje open."

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld is yn Drylts

Trefwurden: 
Drylts keunst winkelpannen
(advertinsje)
(advertinsje)