Freedsmerk oer it (mis)brûken fan bisten: "Dy biste-aktivisten moatte net sa oerdriuwe!"

In hoanne yn in koer op Skiermûntseach, de mûzestêdattraksje yn de waarmte op 'e merke of it saneamde 'zwientje-tik' as ûnderdiel fan it doarpsfeest: hieltyd wer komme aktiviteiten dêr't bisten by belutsen binne ûnder druk te stean. Mei tweets, foto's en filmkes - benammen op sosjale media - besykje aktivisten de publike opiny te beynfloedzjen.
© Omrop Fryslân, René Koster
Op de Ljouwerter freedsmerk fûnen de measten dat mar oerdreaun. "Der wurdt geweldich op dy bistjes past, dy krije altyd goed te iten en drinken." In Amsterdamske tinkt dat de measte biste-aktivisten út de stêden komme en gjin idee ha hoe't it krekt sit.
In oar smiet der sels in Bibelske spreuk yn: "Gij zult heersen over de dieren des velds". In jongeman fûn zwientje-tik en in hoanne yn 'e koer wól wer bistemishanneling en silich. "Een kanarie in een kooitje? Nou, dat vind ik dan echt weer wat anders."
Mar de measten fûnen de aksjes fan de aktivisten oerdreaun, al sit der wol in grins oan wat je mei bisten úthelje meie: "In hoannegefecht mei bloed en alles, nee, dat giet my te fier."
Ferslachjouwer René Koster wie op de freedsmerk