Advokaat haadfertochte himpteeltsaak Terherne: "Deze zaak wordt heel erg opgeblazen"

02 aug 2019 - 12:43

It is in unike sitewaasje: in jachtwerf dy't sletten wurdt, omdat der in himpkwekerij oantroffen is. Yn Terherne soe it barre kinne. Boargemaster Fred Veenstra, fan De Fryske Marren, wol dêr in jachtwerf foar in healjier op slot dwaan, neidat dêr meardere himpplanten oantroffen binne. Neffens him wie der sprake fan in gefaarlike sitewaasje. Mar hy soe him hielendal nei mei soksoarte saken bemuoie moatte, seit advokaat Ad Speksnijder, dy't de eigner fan de jachtwerf bystiet.

Foto: Omrop Fryslân, Jorrit Meinsma

"Een burgemeester is natuurlijk geen crime fighter. Daar hebben we politie en justitie voor", ljochtet Speksnijder ta. It steurt de advokaat dat de namme fan de fertochte no al yn 'e iepenbierheid brocht is, wylst er noch hielendal net feroardiele is. "Er is strafrechtelijk niks anders dan een politieonderzoek."

De gemeente hat strang belied op it telen en ferhanneljen fan wyt en oare drugs. Wenten dêr't yn hannele wurdt, meie sletten wurde. Mar neffens Speksnijder soe in jachtwerf net ûnder dy wet falle. "In de wet staat dat het gaat om woningen of lokalen en het bijbehorende erf. Maar natuurlijk geen jachtwerven."

Grinzen opsykje

"Alles wat hier gebeurt, is in strijd met de wettelijke bevoegdheid. Natuurlijk kan een gemeente daar op een redelijke manier grenzen in zoeken en dat kan getoetst worden door de bestuursrechter. Maar je moet een heel strikt onderscheid maken tussen de rol van het bestuursrecht en die van het strafrecht."

Foto: Omrop Fryslân

Neffens Speksnijder is it noch mar de fraach oft syn kliïnt feroardiele wurde sil. Dy fraach soe no noch net oan 'e oarder wêze. "Waar het om gaat is: is dit een alternatieve coffeeshop en zou die kunnen worden gesloten? Dat is naar mijn mening niet het geval. Dat zou ertoe moeten leiden dat er niks wordt gesloten."

Grut útmetten

Speksnijder fynt dat it nijs rûnom de himpkwekerij te grut útmetten waard. Hy ferwachtet lykwols dat de saak folle minder grut wurde sil, as dy no foardien wurdt. "Het wordt heel erg opgeblazen, helemaal onnodig. Het valt te betreuren dat mijn cliënt schade ondervindt door de publiciteit."

Net allinnich syn kliïnt soe lêst hawwe fan de publisiteit. "Ook de vijftig ligplaatshouders die gebruik maken van de jachthaven en passanten. Zij hebben er niets mee te maken. Daar moet zorgvuldig naar worden gehandeld en dat wordt nu niet gedaan."

Advokaat Ad Speksnijder

(advertinsje)
(advertinsje)