Brânwacht set parkearterrein ôf fanwegen bleatlizzende stroomkabel

02 aug 2019 - 11:31

It parkearterrein by it winkelsintrum fan Camminghabuorren yn Ljouwert hat freedtemoarn koarte tiid ôfsetten west. Reden wie in stroomkabel dy't út de grûn stuts, dy't foar gefaarlike situaasjes soargje koe.

Foto: Jaring Rispens

Troch de rein spatten der sa no en dan fonken fan de kabel. De brânwacht en netbehearder Liander wiene teplak om it probleem op te lossen.

(advertinsje)
(advertinsje)