Reinpakken en paraplu's by de tariedings foar de Snitswike

02 aug 2019 - 11:25

De 84e Snitswike set freedtemiddei útein. It feest, dat folslein yn it teken stiet fan de sylsport, duorret in wike en begjint alle jierren op de freed foar de earste sneon fan augstus. De organisaasje is freedtemoarn noch altyd yn it spier foar de lêste tariedings.

Rein op kamping Pasveer yn Loaiïngea - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Foar kampings yn en om Snits hinne is de Snitswike de drokste wike fan it jier, mar dat falt net ta mei al it reinwetter. Kamping Pasveer yn Loaiïngea is gewoanwei in famyljekamping, mar hat mei de Snitswike ekstra plak foar feestgongers.

Kampingeigeners Douwe Hoekstra en syn suster Louise Hoekstra sjogge altyd út nei de Snitswike, mar hienen foar dizze dei hope op better waar. "We hoopje dat de minsken hjoed gewoan wat letter komme en dan middeis de tinten opsette. We wolle wol posityf bliuwe, mar dit waar komt fansels nea goed út, mar wy gean der fan út dat it nei healwei twaën droeger wurdt."

Ferslachjouwer Bauke Deelstra op de wite kamping Pasveer yn Loaiïngea

In spetterjend programma fan de Snitswike - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ferslachjouwer Bauke Deelstra sjocht mei Gerard Vellinga, foarsitter fan Sneek Promotions, foarút op de Snitswike

Programma Snitswike

Freedtejûn nei de iepening yn Teäter Snits, is de floatskou by de Wetterpoarte en op de grêften. Fan sneon ôf binne der alle dagen sylwedstriden yn ferskillende kategoryën op de Snitsermar en de Goëngarijpsterpoelen.

Yn it sylteäter jouwe Volvo Ocean-siler Carlo Huisman en Finnjolsiler Pieter Jan Postma lêzings. De Finn of Finnjoll is in ienmanssylsboat. Oant en mei moandei is de Formule 1-auto fan Max Verstappen te bewûnderjen op it Starteilân. "Want wedstrijdzeilen en Formule 1-racen gaan allebei over spanning, uitdaging, snelheid, focus en de wil om te winnen", sa seit de organisaasje.

Yn it wykein binne der races mei radiografysk bestjoerbere boatsjes. "Na het grote succes van vorig jaar doen ook dit keer mensen met een verstandelijke beperking mee aan de Sneekweek. In de zogeheten G-klasse verschijnen ze op zaterdag, zondag en maandag aan de start." Oeral binne muzikale optredens op poadia yn de binnenstêd.

De Snitswike duorret oant en mei snein 11 augustus. It evenemint lûkt alle jierren sa'n 200.000 besikers.

(advertinsje)
(advertinsje)