Tsjerkûlen briede dit seizoen foar de tredde kear en dat is útsûnderlik

02 aug 2019 - 11:00

De tsjerkûlen dy't te folgjen binne fia in webcam fan It Fryske Gea, binne oan har tredde broed begûn. Dat meldt ús fûgeltsjeman Johan de Jong. Dat tsjerkûlen foar de tredde kear yn ien seizoen aaien lizze, is útsûnderlik.

It tredde lechsel fan de tsjerkûlen - Foto: It Fryske Gea

By har earste broed hiene de fûgels gjin gelok, de aaien waarden opfretten troch murden. Har twadde smiet fiif jongen op, dy binne yntusken útflein. De tredde bestiet út trije aaien.

Neffens Johan de Jong leit der yntusken in foarried mûzen klear yn de nêstkast. Dat der dit jier in soad mûzen binne, is nei alle gedachten de reden dat de tsjerkûlen foar de tredde kear achter elkoar briede.

(advertinsje)
(advertinsje)