Himpôffal oantroffen op Stephensonfiadukt yn Ljouwert
Handhaving Ljouwert hat op it Stephensonfiadukt yn de Fryske haadstêd himpôffal oantroffen. It guod lei op 'e stoepe.
Nei koart ûndersyk die bliken dat der ûnder it fiadukt ek stelselmjittich himpôffal delsmiten wurdt. Hanthaveners hawwe it plak yntusken skjinmakke en sille it fiadukt yn 'e gaten hâlde.