Buien, swakke wyn en waarm wetter: grutte kâns op wetterhoazen yn Fryslân

02 aug 2019 - 08:54

De simmerske dagen lykje foarby en de sinne makket wer plak foar rein. Yn de rin fan freedtemoarn en -middei komme der nammentlik swiere tongerbuien. Benammen yn it noardeastlik part fan it lân is der kâns op hagel en in soad rein. Oan de kust en boppe de Waadsee, de Fryske marren en de Iselmar is der boppedat grutte kâns op ymposante wetterhoazen.

Foto: Dirk Sloot

Der leit freed in legedrukgebiet boppe Nederlân. De boppeloft is kâld foar dizze tiid fan it jier en dat makket de atmosfear tige ûnstabyl. Dêrtroch ûntsteane der tongerbuien. Ek kin der sprake wêze fan tige lokale rein en dêrtroch wetteroerlêst.

Alle yngrediïnten foar wetterhoazen binne freed dus oanwêzich: buien, in swakke wyn en frij waarm wetter yn bygelyks de Iselmar en de Waadsee. Troch it waarme waar fan foarige wike is it wetter flink opwaarme.

Wetterhoazen feroarsaakje trochgeans gjin skea, mar foar surfers en boatsjes kinne se wol gefaarlik wêze.

Trefwurden: 
waar wetterhoas
(advertinsje)
(advertinsje)