Kollum: "Kutkonsuminten"

"Woansdei ried der in frachtwein mei kij troch it doarp, wylst it doe bêst wol waarm wie. Ik fûn it al wat nuver, want ik leau net dat ik earder sa'n auto troch Warten riden sjoen ha. Ik seach noch krekt in kowesnút foar in fentilator en frege my ôf wêr't dy bisten hinne giene.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De Toan fan Hilda Talsma
Soene it nije kij foar in boer wêze of soene der mear ophelle wurde om nei it slachthús te gean? Moast ik der gau achteroan fytse om te sjen oft it net fierste hyt yn dy auto wie? Mar sa hurd koe ik net en ik ha der ek net in foto fan makke. Dat hie wol kinnen, fansels.
Dan hie 'k him fuort op Facebook klappe kinnen mei as tekst: Wer sa'n dierebeul dy't nei in kloateboer giet sadat dy kutkonsuminten wer goedkeap fleis op 'e bbq ha kinne, of sokssawat. Mar ik ha it net dien, want ik wist net krekt wat de sitewaasje wie. Dêr komt by dat hjir neffens my gjin minne boeren binne, dus ik tocht dat it wol wat tafalle soe.
Dat wie fansels net sa mei it transport fan dy earme útdrûge en hast al geare baargen dy't de plysje lêst oanholden hat. Of mei de bargen dy't stoarn binne, omdat it fierste hyt waard yn de stallen doe't troch in stroomsteuring de fentilaasje útfallen wie. Ik fyn it freeslik as ik dy berjochten ûnder eagen krij, mar fan de reaksjes dy't der ornaris ûnder steane wurdt ik noch beroerder.
Want it is altyd de skuld fan de konsumint! Dy wol him folfrette mei de kiloknallers en foaral net tefolle betelje, ensfh. De boer is in hufter en guon fanatike feganisten of fegetariërs sille de domme fleisiters wol efkes fertelle hoe't it sit en dêr kin ik sa stadichoan wol fan koarje.
Want wa is DE konsumint of DE boer? It is in roppen en razen fan de boppeste planke en it wurdt hieltyd slimmer. Mar ik bin IN konsumint dy't wierskynlik nea fan doel is in fegetariër te wurden. Dat we wolle mei minder fleis ta kinne, okee. En dat de bisten in goed libben hân hawwe en oant de dea mei respekt behannele wurde, soe standert wêze moatte.
In better bewustwêzen en iepenheid fan saken is allinnich mar goed en wy slaan op it heden it fleis ek wol gauris oer. De bedriuwen dêr't net goed op it fee past wurdt, meie se om my wol slute en ik hear graach oan hokker winkels dy leverje, want dan kom ik dêr ek net mear. Mar de trend fan de lêste tiid om alles mar op de konsumint of de boer te skowen, fyn ik fier ûnder de mjitte!
Want dêr't de iene konsumint hieltyd bewuster wurdt, sil de oare it nea wat skele kinne. En dêr't de iene boer in grutte parasol yn it lân delset foar de kij sil de oar soks flauwekul fine. En wylst de iene fegetariër altyd de bek iepen hat en sûnder ek mar in bytsje ûnderfining op in pleats, de boeren wol efkes fertelle sil hoe't se har wurk dwaan moatte, giet de oar op in respektfolle manier it petear oan om sadwaande syn punt dúdlik te meitsjen.
En stel dat it al foute boel west hat mei dy frachtwein fol kij? Dan hie dat net myn skuld west. Mar ek net dy fan ien oft oare fegetariër dy't op syn learen bankstel mei in skieppefel de kat in fleisbrokje jout. Neffens my hie it transportbedriuw dêr dan ferantwurdlik foar west, of guon kontroleurs. En wa is no echt perfekt? Ik tink werklik gjinien!"