Soad skea by oanriding yn Dokkum

02 aug 2019 - 06:35

Op de krusing fan de Hurddraversdyk mei de Hegediken yn Dokkum binne tongersdeitemiddei in auto en in bestelbuske op elkoar klapt. Troch in foarrangsflater kamen de twa fehikels mei elkoar yn botsing.

Foto: De Vries Media

Der rekke gjinien ferwûne by it ûngelok, mar de beide auto's rekken wol flink skansearre. De plysje hat de saak ôfhannele.

(advertinsje)
(advertinsje)