Ungelok op It Hearrenfean: auto fljocht troch de loft en knalt op beammen

01 aug 2019 - 22:03

Yn de buert fan it autoluwe museum Belvédère op It Hearrenfean is tongersdeitejûn in auto lansearre troch in stien en tsjin beammen op knald.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens

De auto kaam mei hege snelheid in fytspaad opriden en fleach troch de loft nei't er lansearre waard troch in grutte stien, dy't flak njonken it fytspaad lei. Uteinlik kaam de auto efterstefoaren op it fytspaad ta stilstân.

Bloed ferlern

It komplete motorblok is út de auto flein en bedarre fiif meter fierder as de auto. Op it momint fan it ûngelok wiene der gjin kuierders of fytsers op it fytspaad. De bestjoerder hat bloed ferlern, mar it is net dúdlik hoe slim oft syn ferwûnings krekt binne.

De oarsaak fan it ûngelok is ek net bekend. It fytspaad is ôfsletten om alle brokstikken en de motoroalje op te romjen. Dat leit ferspraat oer in lingte fan sa'n tritich meter.

(advertinsje)
(advertinsje)