Fakânsjetiid is ek heechseizoen ynbrekkers, dus plysje jout tips tsjin ynbraken

01 aug 2019 - 21:48

De earste wike fan de boufak yn Fryslân is dwaande, dus hieltyd mear minsken binne mei fakânsje. Dat betsjut foar ynbrekkers ek de bêste perioade fan it jier, want in protte huzen steane leech. Wykagint Henriëtte Talsma jout in tal tips om ynbraken foar te kommen.

In ynbrekker - Foto: Shutterstock.com

Wat is no it wichtichste om te dwaan?

"Alderearst de tip dy't je wol dreame kinne: slút de ramen en doarren goed ôf. En it is ek hiel belangryk dat je mei je buorlju ôfstimme dat je mei fakânsje geane, dat sy derfan ôf witte. Mar praat dat net mei ien buorman of buorfrou ôf, mar stel meardere minsken yn de strjitte yn kennis. Want je buorman of buorfrou kin ek ris in dei fuort wêze."

Wat kinne dy buorlju dwaan dan?

"De buorlju kinne de ramen of de doarren mei it waarme waar wolris luchtsje, it spul iepen. Mar freegje de buorlju ek om elke dei de post út de brievebus te heljen."

En wat kinne we sels dwaan?

"Ik kin, as wykagint, nei trije dagen al wol sjen wa't mei fakânsje is. Alle jûnen of moarns yn deselde wenning giet ien lampke oan of út. Dat is sa'n tiidklok, dy't presys ynsteld wurdt op it hiele of heale oere. Mar wikselje dy tiden ris ôf. Net alle jûnen om tolve oere wer út."

Want ynbrekkers sjogge dat ek?

"Guon ynbrekkers ride ek geregeld troch bepaalde wiken of strjitten, dat is ús wol bekend. Sy sjogge dan: 'hé, dat iene lampke brânt no en juster ek al om dizze tiid'."

Set bygelyks twa kofjekopkes op tafel, lit de krante iepen lizze. As je lytse bern ha, lit boartersguod op de flier lizze.

In tip fan de plysje tsjin ynbraken

Dus it ljocht ôfwikselje. Wat noch mear?

"Wat ik in hiel goede tip fyn: lit de keamer der ek bewenne út sjen. Set bygelyks twa kofjekopkes op tafel, lit de krante iepen lizze. As je lytse bern ha, lit boartersguod op de flier lizze."

En wat moatte we foaral net dwaan?

"Foaral net op sosjale media in berjocht pleatse dat je mei fakânsje geane. Noait dwaan. En de minsken dy't mei fakânsje geane, ha faak de trije konteners al op de oprit stean by de garaazje. Want dan hoecht buorman der ek net sa fier mei te rinnen, achter it hûs wei. Je meitsje it de ynbrekkers sa wol hiel maklik, om ek de wenning yn te klimmen."

Jo binne sels wykagint yn Tytsjerksteradiel. Sjogge jo dêr al mear ynbraken?

"Ik sit yn in tal doarpen en we ha al ferskate meldingen hân. Dan hat der ien binnen west, wat net de bedoeling wie. En foar elkenien fielt it as in flinke kraak as minsken yn je hûs sitte en oan je spul sitte."

Noch in lêste tip?

"Wat ik echt advisearje oan elkenien: hat jo buert of strjitte in WhatsApp-groep, meld dy dan oan op WhatsApp Buurtpreventie. Dat is foar de plysje hiel handich: dan kinne wy nei in ynbraak sjen hokker strjitte in buertapp hat. Dêr stiet dan in telefoannûmer fan in behearder by."

Trefwurden: 
ynbraken fakânsje
(advertinsje)
(advertinsje)