Jachtwerf Nerushoek yn Terherne healjier ticht om himpkwekerij

01 aug 2019 - 20:31

Jachtwerf Nerushoek yn Terherne wurdt mooglik in healjier sletten. Begjin juny trof de plysje op de werf in himpkwekerij oan. Neffens boargemaster Fred Veenstra wie der sprake fan in gefaarlijke sitewaasje en dêrom hat er no besletten om de folsleine jachthaven te sluten.

Bylden fan de ynfal begjin juny:

"Der is in behoarlike himpkwekerij oantroffen, dy't ûnderdiel útmakket fan in grutter gebeuren yn de himpsektor fan Fryslân en miskien ek wol dêrbûten", seit Fred Veenstra. "Dan hat in boargemaster it foech om it te sluten."

Unike maatregel

It giet neffens de boargemaster om in unike maatregel dy't by syn witten noch net earder yn Nederlân útfierd is. "We ha gjin earder foarbyld fan in jachthaven of in oar bedriuw of ynstitút dêr't sa'n protte minsken mei te krijen ha dat sletten wurde moat yn it kader fan himpkwekerij. Wol bysûnder."

De sluting hat ek gefolgen foar de eigeners fan de boaten dy't yn de jachthaven lizze. Sy moatte foar ein augustus harren boat út de haven helje. Oars kinne se in heal jier lang net by harren boat. "Dêrom besykje we no dy minsken allegear te berikken", seit Veenstra. De gemeente hat net de adressen fan elkenien en pleatst dêrom advertinsjes yn kranten. "We jouwe de eigeners in romme termyn: se kinne harren oant ein augustus melde."

De eigeners fan de boaten kinne der noch beswier tsjin meitsje. Dat jildt ek foar de 47-jierrige eigener fan de werf. "Dan organisearje we in petear", seit Veenstra. "De bedoeling is dat we begjin septimber in definityf beslút nimme."

Hy hat 'willens en wetens' it risiko nommen.

Fred Veenstra

De sluting fan de werf hat grutte finansjele gefolgen foar de eigener: "Mar der is nochal wat bard", leit Veenstra syn beslút út. "Hy hat 'willens en wetens' it risiko nommen, omdat hy him mei kriminele aktiviteiten dwaande holden hat. Dy kinne gefaarlik wêze foar de omjouwing. Stel dy foar dat der brân útbrekt op sa'n himpkwekerij, omdat der wat mei de stroom bart."

Boargemaster Fred Veenstra oer de sluting fan de jachthaven

(advertinsje)
(advertinsje)