FIDEO: Grou en De Lemmer meitsje tsjinst út by SKS en fiere dat tegearre

01 aug 2019 - 19:46

Nei fiif races meitsje Grou en De Lemmer de tsjinst út by de SKS. De Lemsters wûnen de earste twa races en Grou sylt al sûnt sneon stabyl foaryn. It skûtsje fan Douwe Visser ferstevige tongersdei by Langwar mei winst boppedat de kopposysje yn it klassemint.

Yn 'skûtsjetûk' giet it tongersdei oer de meast suksesfolle skûtsjeskipper ea yn de SKS, want syn widze stie yn Langwar. Fierder in reaksje fan Pieter Meeter, de skipper fan Akkrum, op de útspraken fan de sylried.

Grou en De Lemmer fiere tegearre

Nei de race fan tongersdei fierden Grou en De Lemmer it feestje mei-elkoar: "Sy krije ek in bierke", sei Douwe Visser fan it winnende Grouster skûtsje. Hy stiet der goed foar mei syn ploech, mar bliuwt foarsichtich: "Kampioenskippen wurde hjir noch net fuortjûn."

En we sjogge fêst foarút nei de dei fan freed: komt der wol wyn? "De geloksfaktor wurdt hiel grut", foarseit Albert Visser fan De Lemmer.

Alles oer it skûtsjesilen

Neat misse fan it SKS skûtsjesilen? Sjoch foar alle fideo's, útslaggen en de Skûtsjepool op https://www.omropfryslan.nl/skutsjesilen

Trefwurden: 
skûtsjesilen SKS Langwar
(advertinsje)
(advertinsje)