40% fan 'e Friezen is te grou

03 jul 2012 - 15:27

Fjouwer op 'e tsien Friezen is te grou. Dat blykt út sifers fan it Sintraal Bureau foar de Statestyk. Minsken ûnderskatte de gefolgen fan oergewicht, sizze Fryske diëtisten.
Sûkersykte, hert- en faatsykten lizze op de loer. Ek is de kâns dat je kanker krije grutter by oergewicht.

Fan alle Friezen soene sa'n 230.000 minsken te swier wêze. Minsken dy't te swier binne hawwe ek faker psychyske problemen en soene ek minder gelokkich wêze.

Trefwurden: 
Grou CBS
(advertinsje)
(advertinsje)