Arends nei heale finale fan Open Castilla y León

01 aug 2019 - 19:17

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert hat mei syn maat David Pel de heale finale fan it Open Castilla y León helle. Dat is in challengertoernoai yn it Spaanske Segovia. Arends en Pel wûnen tongersdei yn twa sets fan Markus Eriksson en Altug Çelikbilek: 7-6 en 6-3.

Foto: www.orange-pictures.nl

Arends en Pel wûnen ferline wike it toernoai yn de Finske stêd Tampere en binne ek yn Segovia begûn as it heechst pleatste duo. Tongersdei wûnen se dus yn de heale finale fan de Sweed Eriksson en de Turk Çelikbilek, in dei earder wiene de twa Nederlanners al te sterk foar it Oekraynsk/Spaanske duo Illya Marchenko en Carlos Gómez-Herrera: 7-5 en 6-4.

Yn de heale finale treffe Arends en Pel twa Spanjerts: Íñigo Cervantes Huegun en Oriol Roca Batalla.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis Segovia
(advertinsje)
(advertinsje)