Gemeente Noardeast: 'ynwenners Dokkum steane efter ferheging Reigersbrêge'

01 aug 2019 - 18:21

De gemeente Noardeast-Fryslân en trije fertsjintwurdigers fan it fytsersbûn stiene tongersdei yn de Ried fan Steat tsjinoer elkoar, om't se it net iens wurde kinne oer de Reigersbrêge yn Dokkum. De gemeente wol de Reigersbrêge oer de Suderie yn Dokkum heger meitsje, mar beswieren fan it fytsersbûn krigen yn april gehoar fan de rjochter.

Foto: Google Street View

Der wurdt al sûnt 2016 praat oer de Reigersbrêge. Neffens de gemeente is der yn Dokkum just in protte draachflak om it brechje te ferheegjen. "Ziet u hier in de zaal actievoerende bewoners met spandoeken?", frege de fertsjintwurdiger fan Noardeast-Fryslân tongersdei oan de Ried fan Steat. Ferheging fan it brechje soe betsjutte dat der tenei boatsjes ûndertroch farre kinne, mar dat er net mear geskikt is foar fytsers.

It fytsersbûn wol dat net en wie dêrom nei de rjochter stapt. Dy joech harren gelyk: de gemeente hie net goed genôch oantoand wêrom't de brêge foar fytsers ôfsletten wurde soe.

Feilich of net?

Dêr hat de gemeente him net by dellein, wêrtroch't beide partijen tongersdei foar de Ried fan Steat stiene. It fytsersbûn seit dat de brêge feilich is foar fytsers, as it stigingspersintaazje tusken de fjouwer en njoggen persint leit. De gemeente fynt dat steiler as fjouwer persint net mear feilich is. De útspraak fan Ried fan Steat komt oer likernôch twa wiken.

(advertinsje)
(advertinsje)