Iseger fiif wedstriden skorst: "Ik wol noait mear mei it bûn te krijen ha"

01 aug 2019 - 17:18

De strafkommisje fan de KNKB hat keatser Daniël Iseger foar fiif wedstriden skorst, omdat er op de haadklassepartij fan Huzum meidien hat, mar doe noch in wedstriid skorsing stean hie. Iseger hie him ferrekkene, sei er. Hy is skokt troch de útspraak.

Daniël Iseger - Foto: Henk Bootsma

Iseger waard yn maaie foar trije wedstriden skorst, omdat er op in ôfdielingspartij keatst hie foar OG Huzum, wylst er neffens de KNKB, as ynwenner fan de Ljouwerter wyk Suderbuorren útkomme moatten hie foar de ôfdieling Goutum. Hy gie yn berop tsjin dy skorsing, mar de straf bleau stean.

Ferrekkene

Wylst Iseger tocht dat er al trije wedstriden útsitten hie, foel er op de haadklassepartij fan Huzum yn it partoer fan Enno Kingma yn foar de blessearre Sjoerd de Jong. Iseger hie him doe ferrekkene: hy hie noch in wedstriid skorsing stean. Dêrom hat de strafkommisje fan de KNKB him no op 'e nij straft en swier ek: fiif wedstriden.

"Ik hie ferkeard rekkene, omdat ik gjin rankingspiler mear bin", ferklearre Iseger earder. "Dêrom hie ik dy wedstriid dus noch net keatse mochten. Mei de goeie bedoelingen bin ik it fjild wer yn stapt. Ik mei gewoan graach keatse."

Ik wol mei de KNKB noait wer wat te krijen ha.

Daniël Iseger

De útspraak fan fiif wedstriden skorsing is tiisdeitejûn, de dei foar de PC dus, dien. Iseger kin yn berop, mar hy lit it derby sitte. "Ik wol mei de KNKB noait wer wat te krijen ha", seit er.

De skorsing betsjut dat it seizoen der foar Iseger sawat op sit. Hy keatste dit seizoen foaral yn de earste en twadde klasse. Sa no en dan kaam er as ynfaller yn aksje yn de haadklasse. Dat die er ûnder oare op 14 july yn Boalsert. Doe wûn er mei Enno Kingma en Alle Jan Anema yn de earste omloop fan it partoer fan Gert-Anne van der Bos; it partoer dat Iseger sels traint.

(advertinsje)
(advertinsje)